Fûgels kinne in see fan romte ta har beskikking hawwe, minsken ek as se frij as fûgel ferwege. Faaks fielt in minske har opsletten as in fûgel yn in koai. Mei potlead, fineliners, akwarelkleurpotleaden en markers tekent Gerben Gerbrandy fûgelminsken.
Minsken yn de romten fan wjukken en fearren en fûgels boppe in see minsken.
Locatie: 11 – Riegeweg 3
Gûlfûgeltsje (Xigatze)
gûl, gûl lyts fûgeltsje
driuw op de wyn dy skriemt
wiete wetterkâlde wjukjes
wylst ik kopke knikt mei skokjes
kop op, flean op, knal de loft yn
klau en prip ’t novimber griis fyn
no meist janke grutsk as fûgel
en rein batst op wynwjukken del
gûl, gûl lyts fûgeltsje
driuw op de wyn dy skriemt
wite stjonkreek krinkelet heech
wylst it snaffeltsje nei de siken hapt
bek ticht, flean op, bats de loft yn
no kinst skite as in strúsfûgel
en snie flibet op minsken del
Gerben Gerbrandy